Over Pim Mulier

Pim Mulier

Auteur: Wim Beckers, Witmarsum

“Potsierlijk viel het niet te noemen. Daarvoor liepen er op de koude, maar heldere donderdag 15 april 1954 te veel belangrijke mensen achter de kist met daarin Willem Johan Herman Mulier, geboortig uit een oud Frans geslacht en daarom rijmend op twee. Maar een beetje vreemd vonden de hoge militairen, sportbestuurders, journalisten, renteniers, scheidsrechters, oud-voetbalinternationals, ambtenaren, gepensioneerden en een paar familieleden het wel. Voor de baar liep op de Algemene Begraafplaats in ’s Gravenhage een bediende in traditioneel sportkostuum. Op een fluwelen kussen droeg hij de belangrijkste medailles die de overledene bij leven had gewonnen. Het leek alsof de begravenisgangers niet alleen achter een dode aan liepen, mar ook achter diens prestaties. De plechtigheid kreeg er iets statigs door, maar ook iets komieks”. Sa begjint it boek ‘Pim Mulier, ijdel maar weergaloos’ van Gijs Zandbergen. In boek wat trouwens tige de muoite wurdich is om ris te lêzen.

Fansels ha fierwei de measte Wytmarsummers bêst faakris wat heart oer Willem Johan Herman Mulier, by ús ferneamd as Pim Mulier. Mar hawar, wat wolle jo ek want ús keats- en fuotbalferiening dragen beide trots syn namme. Mar wa wie no eins dy Pim Mulier en wat wie syn betsjutting? Yn in tal ôfleveringen yn De Koepel sil ik besykje jimme antwurd te jaan op dizze (en oare) fragen.

Mar sa’t fan de hân leit is it handich om earst ris by it begjin te begjinnen en dan komme wy yn Wytmarsum út op de datum 10 maart 1865. Dan bringt de earrebarre Willem Johan Herman Mulier by syn trotse âlders Tjepke Mulier en Rolina Albarda. Dit pearke krige fiif bern. Pieter wie de âldste en dêrnei kaam twa jier letter Eldina. De twa suskes dêrnei, dy’t beide Margaretha hjitten, stoaren beide yn 1858, respektivelik 1 jier en 3 wike nei harren berte. It like dat it by twa berne bliuwe soe, mar yn 1865 kaam der noch in neikommerke. Syn mem wie doe 43 jier wilens syn heit al 50 jier wie.

Syn heit, dy’t boargemaster fan Wûnseradiel wie, libbe op it Fryske plattelân in libben as lânjonker, wilens syn laach net fan adel wie. Oer it net fan adel wêzen soe Pim yn syn fierdere libben noch hiel faak syn holle brekke. Mar Tjepke Mulier mocht ek graach ris yn it gleske sjen, en meastentiids te djip. Want it bleaun net by sjen, mar Tjepke mocht graach in slokje, te graach. Want syn funksjonearen as boargemaster hie dêr dúdlik ûnder te lijen. Yn 1867, doe’t Pim 2 jier wie, fûn de kommissaris fan de Keningin Van Panhuys, it moai west en joech him per brief ûntslach. Mar in skandaal waard foarkommen en mei stille trom ferhúze de famylje nei Haarlem.

Haarlem

Haarlem wie doetiids in stêd mei sa’n 30 tûzend ynwenners, wêrfan rom de helte fan ‘de bedeling’ libbe. Dochs wie it in deftige stêd, net yn’t lêste plak troch de cavelariekazernes. In omjouwing dêr’t Tjepke Mulier him tige yn thús fielde. Hy begong ek direkt in drok sosjaal libben, waard lid fan alderhande klups en die út en troch oan woldiedegens.Syn jongeseftige fleurigens en kontaktuele eigenskippen (wat Pim ek hie) kamen him hjirby tige fan pas. It misbrûk fan drank naam er lykwols net fan syn heit oer. Pim wie net in ‘geheelonthouder’ mar wie wol tige matich yn in tiid dat iepenbiere dronkenskip frij gewoan wie yn it byld fan in stêd.

Yn de winter fan 1869 moast en soe Pim it reedriden leare. Syn âldere broer Pieter en in húsfeint krigen de opdracht om him dat te learen. Bysûnder fansels, want lytse Pim wie amper fjouwer jier! Mar ús haadpersoan hie dúdlik talint foar it reedriden. De oanlieding wie dat heit Tjepke, dit yn tsjinstelling ta de measte oare âlders, grut belang hechte oan it sportyf dwaande wêzen. En hoe jonger as men dêr mei begong hoe better as dat wie. Tjepke wie ek de oprjochter fan de ‘Vereeniging Ijsclub voor Haarlem en Omstreken’. Regel wie doetiids dat men pas lid wurde koe as immen dy’t al lid wie jo foardroech. Mar Tsjepke fûn dat frijwat elitair en soarge der binnen de koartste kearen foar dat (hast) iderien lid wurde koe. Pim hie, doe’t er op redens stie, altyd twa begelieders by him. Dat liket in boel, mar net as men wit dat hy syn heites eachappel wie en boppedat in tige drok en lestich jonkje wie. Dat er lestich en drok wie docht wol bliken út in foarfal wêrby Pim en syn freon Kaak del Court, harren saneamd fan in dak falle lieten.

Het leger

Yn werklikheid sprongen se op in bytsje leger lizzend platsje, mar wol mei in yndringende gjalp. Skynber diene de jonkjes dat sa echt, dat de âlde buorgrou Den Haan flau foel. Ek ferneamd is it ferhaal dat Pim, hy wie doe sân jier, dead serieus by de presidint fan de rjochtbank oanbelle en de ferbjustere man de hân fan syn dochter(ke) frege. Doe’t de man, fan de earste skrik bekommen, witte woe wêrom Pim dat frege sei er: “Wij schieten zo goed met elkaar op en dat telkens weer naar huis moeten is zo omslachtig en onpraktisch”. Men moat der mar op komme.

Ja ús haadpersoan wie perfoarst gjin stilsitter. Om dy reden kaam er dan ek al rillegau mei fjildsporten yn oanreitsing.

Heit Tjepke

Yn de tuskentiid hie heit Tjepke, lykas ek yn in protte oare grutte plakken barde, yn 1870 it saneamde “Haarlems Vrijwilligerskorps” oprjochte. De oanlieding wie de saneamde Frâns – Dútske oarloch. Men wie doetiids nammentlik benaud dat de Dútske kânselier Bismarck Frankryk fia Nederlân binnen falle soe. Tjepke wist 700 frijwilligers bymekoar te krijen! As in folleard kommandant waarden der ûnder syn lieding mars oefeningen holden en learde men om te gean en dus te sjitten mei gewearen. Mar folle fierder kaam it net, want Bismarck naam de koartste wei en foel fia de Vogezen Frankryk binnen, wêrnei er de legers fan Napoaleon III fersloech.Om de ien of oare frjemde reden woene Pim’s âlders yn 1871 de slachtfjilden ris besjen.

Mar ja om dan in jonkje fan 6 jier mei te nimmen …. nee dochs mar net. Mar ja wêr bringe jo sa’n jonkje dan ûnder?

Omdat nimmen dat lytse drokke mantsje lang yn hûs ha woe, waard der lang om let beslúten om him ûnder te bringen yn in kostskoalle yn Noordwijk, wêr Pim syn âldere broer Pieter in oplieding folge, ek siet. Op dy kostskoalle seach Pim syn eagen út! Neffens eigen sizzen seach er dêr foar it earst in bal. In foarwerp wat yn syn lettere libben sa’n grutte rol spylje soe. Dizze kostskoalle, Instituut Schreuders, hie de namme tige modern te wêzen. Sa gongen bygelyks dwerse learlingen net mear oer de knibbel by de learaar en duorren de lessen net mear as twa oeren efter mekoar. Men spile dêr ek in bal spul wat men cricket neamde. Pim seach syn eagen út.

Koarte broeken

Sa seach er âldere jonges yn koarte broeken (mei bleate fuotten dus) rinnen wilens it gebrûk wie dat jonges fan 12 jier en âlder net mear koarte broeken oan diene. Mar like bjusterbaarlik wie it feit dat folwoeksen Ingelske leararen einen draafden en cricket spilen. Pim syn broer Pieter wie ek tige sportyf en fia him kaam er ek yn de kunde mei Piet Bundten en Maan Crommelin. Beide nammen komme wy yn it ferfolch wol wer ris tsjin.

Mei Maas Crommelin organiseare Pim bygelyks in hurdrin wedstriid. Sa’n wedstriid bestie út twa parten: dik twa kilometer troch it fjild drave en in sprint fan 100 meter. Hoe’t dit opset wurde moast hiene de mannen út in Ingelsk sportblêd helle. Pim die sels ek mei oan de sprint en wûn dy nei hiel wat innen en oanen. Mar ja by draven kommen jo noch gjin fuotbal tsjin fansels.

In echt fuotbal seach er pas doe’t er mei syn mem op fakânsje yn Ingelân wie yn 1875. Hy seach guon Ingelsken in bal spul dwaan wat se ‘footbal’ neamden. Pim wie dêr hielendal sljocht fan en wie dêr dan ek amper by wei te slaan. Hy wist no hoe’t in grutte bal der út seach, mar ja hy koe no allinnich noch mar oan syn freonen dêr fan fertelle, want om ientsje sjen te litten dat koe net.

Dat koe pas doe’t firma de Gruyter in grutte bal yn syn etalaazje lizzen hie. Mar omdat er sels net genôch jild omhannen hie, hold er by syn klasgenoaten in kollekte en koe de hel giele mei oranje bal lang om let kocht wurde. It is dizze bal west dy’t it begjin wie fan de âldste fuotbalklup yn Nederlân, nammentlik de Haarlemse Footbal Club (HFC). Mar fuotbal wie noch net de wichtichste bal sport, dat wie foarearst noch cricket en dat soe it ek noch in skoftke bliuwe.

Elke klasse fan in HBS of gymnasium hie, alteast yn Pim syn jongesjierren, wol in klupke tusken de 10 oant 20 jonges dy’t op woansdei- of sneontemiddeis cricket spilen.

As sy dat diene, dan hie men in petsje op de holle. It dragen fan in pet wie doetiids hiel gewoan, alteast foar arbeiders en skoaljonges; pommeranten hiene in hege hoed op.

Dyselde petsjes holden de jonges op, soks op oantrûnen fan Pim, as men rugby spile. Dat die Pim eins folle leaver as cricket spyljen. Simpel wei omdat hy net sa goed wie yn it cricket spul.

It spul, as it no cricket wie as rugby, waard spile op stikken lân oan de râne fan Haarlem. Lykwols, de boeren wiene hjir net echt bliid mei en faak ris waarden de jonges fuortjage of men krige rûzje mei de ‘schooiers’ of ‘fabriekers’. Ien fjild wie eins ideaal foar sport en dat wie De Koekamp wêrfan de gemeente eigner wie. Pim soe Pim net wêze as hy net in brief skreaun oan de gemeente mei it fersyk harren ta te stean om dêr cricket of rugby te spyljen. Mar der kaam mar gjin antwurd en dus kaam heit Tjepke yn aksje. It resultaat wie dat Pim en syn ‘kornuiten’ De Koekamp brûke mochten as ‘worstelpark’. De wurden ‘kornuiten’en ‘worstelpark’ skeaten him yn it ferkearde kielsgat en fansels it feit dat syn heit yn aksje komme moast. Mar hy wie ferstandich en sei dêr neat oer, want se hiene no dochs lang om let in eigen fjild.

Yn dy tiid, wy skriuwe 1883, rûn Pim mei it idee rûn om in cricketbûn op te rjochtsjen, mar in sekere Frans Netscher wie him krekt foar. Eins wie dat ek net sa slim, want Pim hie wol oare saken oan de holle, lykas it ferstjerren fan syn heit (hy wie noch mar 67 jier) wêrtroch hy allinnich mei syn mem kaam te wenjen. Dat tegearre wenjen wie gjin grut sukses, want koart nei it ferstjerren moat Pim nei in kostskoalle yn Ramsgate ta. Yn Ramsgate yn Ingelân hie hy it trouwens goed nei syn sin. Boppedat de Ingelske kranten stiene fol mei ferslaggen fan de Football League, dêr’t tûzenden minsken op ôf kamen.

Werom nei Haarlem

Doe’t Pim nei 1 jier wer werom kaam nei Haarlem, begong er direkt mei it ynfieren fan dat nije fuotbal spul. Dat wie ek needsaak, want hieltyd minder waard der rugby spile. Net omdat de jeugd dat net dwaan woe, mar omdat âlders skjin harren nocht hiene. Alle wiken bern thús krije mei blauwe plakken, skeind en skuorde klean is net om’e nocht fansels.

Sa stadichoan ferdwûn it rugby fan de Hollânske fjilden om plak te meitsjen foar in sport dy’t ea folkssport nûmer 1 wurde soe.

Sa’t ik sei wie rugby, dy woaste sport, fan de fjilden ferdwûn. Pas jierren letter soe it (hiel beskieden) werom komme as in typyske studinten sport. Mar de nije foarm fan fuotbal bloeide lykwols ek noch net tige, want de spulrigels wiene folle yngewikkelder en foarmen faak ris in boarne fan rûzje. Yn de tuskentiid kaam stadichoan it cricket opsetten, Dizze sport wie mei namme in oangename frije tiidsferdriuwing mei iterij, feesttinten, froulju en praterij. Cricket soe de earste sport wurde dat yn kompetysjeferbân spile wurde soe. Pim wie lykwols lang net altiid by de wedstriden oanwêzich, om reden dat er nei de Hannelskoalle yn Lubeck gong.

Yn de hegere kringen wie sa stadichoan it besef ûntstien dat men jins rykdom better yn stân hâlde koe troch it hannel driuwen as troch it tradisjoneel behearen fan besit, en de Hannelskoalle yn Lubeck wie dan dé oplieding. Ien fan de wichtichste fakken wie taal en dêr wie Pim tige goed yn. (hy soe totaal 30 ferskillende talen sprutsen ha).

Dizze oplieding wie de ienichste dy’t Pim ôfmakke hat. Doe’t er syn diploma yn de bûse hie, gong er dan fansels ek de hannel yn, earst yn de blombollen en letter yn it hout wêrtroch yn Sweden kaam te wenjen en faak ris reizen makke troch Ruslân. Yn Sweden bleaun er 2 jier. Sa út en troch kaam er wolris yn Haarlem en lei dan sneintemiddeis mei tiidgenoaten lykas de dichter Herman Gorter, de skilder Rik Roland Holst en de eat âldere skriuwer Frederik van Eeden yn it gers te praten oer sport, keunst, sosjology en filosofy. Sy makken ek plannen foar in feriening dy’t fakânsje kampen organisearje moasten. It paste allegear yn in tiid wêryn wittenskiplike útfinings in praktyske tapassing krigen; wetterlieding, fotografy trein, tillefoan en benzinemotor.

Simmer van 1885
Yn de simmer fan 1885 wie hy wer yn Nederlân en wie wakker oan it hurdrinnen, eins altiid allinnich en dat sinnige him eins net, want folle leaver makke hy der in wedstriid fan. Om dit euvel te ferhelpen krige er Piet Bundten (freon fan Pim syn broer) sa gek om yn Amsterdam efter it Ryksmuseum atletykwedstriden te organisearjen. Dat slagge op 16 oktober 1886. Ek de Fryske reedriders waarden útnoege, mar dy kamen net, want dy hiene it net sa stean op dy ‘betweterige Hollanders’ De belangstelling fan it publyk wie net grut, lykas dat ek it gefal in jier letter doe’t de wedstriden opnij organiseare waarden. Wat dat oanbelanget wie atletyk fan it begjin ôf altiid al it styfbern yn de Nederlânske sport, al hat Pim der alles oan dien om dat oars te krijen. Trouwens tidens de twadde atletykwedstriid makke Pim in ôfspraak mei de Amsterdamske fuotbalklup ‘Sport’ om ris nei Haarlem ta te kommen om te fuotbaljen.

Trouwen, tsjin alle winen yn hold Pim fêst oan syn winsk om fuotbal en atletyk tegearre yn ien bûn ûnder te bringen. De fuotballers fûnen dit mar neat, want it atletyk barren hold net safolle yn, men organiseare hast neat, der wiene amper leden en sa kin ik noch wol in skofke fierder gean. En op in gegeven momint seagen de tsjinstanners fan Pim harren kâns skjin, want Pim koe net op in gearkomst komme.

Nei Brussel

It net bywenjen fan in gearkomste wie oars neat foar Pim, mar privee hie der ynienen alderhande drokte. Pim wie nammentlik twongen om nei Brussel te ferhúzjen. De reden wie Cornelie van Duin, dy’t as servearster wurke. Dat in man fan stân eat hie mei in servearster wie doetiids net sa bysûnder, mar Pim en Cornelie wiene wier fereale op mekoar. En nettsjinsteande de drigeminten fan syn muoikes út Boalsert die Pim wat syn hert him ynjoech en troude op 18 desimber 1895 mei har.De muoikes sprutsen der skande fan: in hear fan stân troud ommers mei immen fan syn eigen rang en stân! Syn tsjinstanners hiene hjir op sitten te wachtsjen, want dit wie ommers dé kâns om it atletyk barren út it bûn te smiten. En nettsjinsteande in hertstochtlike brief fan Pim, dy’t tidens de bûnsgearsit foarlêzen waard en dêr’t mannichien ek noch op lake. It atletyk waard fuortstimd. Pim koe dat mar min sette en skreaun tal fan brieve, mar it helle allegear neat út.

Yn de rin fan 1896 kaam Pim mei syn frou werom yn Nederlân en rjochte doe de atletykbûn op, al hie dat net folle om’e hakken, want leden wiene der amper.

De kar fan Pim om te boaskjen mei Cornelie hat beslissende gefolgen hân foar syn fierdere libbensrin. Mar goed skôge past sa’n stap goed yn it libben fan immen dy’t net tefreden is mei in kalm rinteniers bestean.. Sa woe er perfoarst net wer yn Haarlem wenje, mar kaam yn Den Haach telâne en fansels pakte hy al rillegau syn sportsaken wer op. Sa skreaun er in boek oer cricket, holp it keatsbûn, wie sels efkes foarsitter fan de fuotbalbûn doe’t dy yn swier waar sieten, want rankuneus wie er perfoarst net.

Tocht der Tochten

De earste skiednis fan de ‘Tocht der Tochten’.

Yn 1763 waard yn de skiednisboeken optekene: ,,Het gebeurt meer dan eens, dat goede schaatse-ryders op eene winterse dag alle XI steden van Friesland doorrijden en zien, doch dan moeten ze nergens lang vertoeven en ’t ys moet goed en sterk wezen ….” De alvestêdetocht is al ieuwen tige populair by Friezen, mei namme yn in tiid dat: ,,… de winter de wateren met zijn verstijvenden adem heeft aangeraakt. Dan is geen Fries zichzelve meer, een bewustzijnsverwijding maakt hun geesten een weinig minder zwaartillend …” Op 30 jannewaris 1848 riden de bruorren Atze, Eelke-Jans Jager út Olderboarn in alvestêdetocht in 14,5 oeren. De Fryske parse die dêr in útwreide ferslach fan. De bruorren neamde men ,,witte raven”. De skiedskriuwers melde pas yn 1862 wer in dappere reedrider, nammentlik de Hagenees W. Troost, ynwenner fan Ljouwert.

Mar it wie in Fries om útens dy’t de oanset joech ta de alvestêdetocht yn wedstriidferbân: Pim Mulier. Hy die de tocht mei start en einpunt yn Ljouwert, op 21 desimber 1890 yn trettjin oeren. Hy die sels ferslach fan syn ûnderfinings yn 1890: ,,…op 20 december vroegtijdig te kooi gaande, werd ik den volgenden morgen te 6 uur door den kellner gewekt, liet mij rug en beenen stevig met arnica inwrijven, stak mij in tricot en bijbehooren, en deed, om niet te veel opzien te verwekken, over mijn trui een vest aan. Met een dikken wollen muts op, kreeg ik iets van het gesoigneerde, dat den Frieschen schipper eigen is. Een stuk chocolade, een horloge, een paar zakdoeken, eenige guldens, een mes, touwtje en een schaats op den rug voor het breken en precies 7 uur stond ik op het smalle grachtje voor het hotel, daarna linksom en de singels op, naar de Ee toe….” Pim koe fertelle dat hy dat dien hie yn in rekordtiid. Dêrmei rekke hy in gefoelige snaar, want seker 500 Friezen besochten Mulier syn tiid fan 12 oeren en 55 minuten te ferbetterjen; eat wat nimmen slagge.

It soe trouwens noch 18 jier duorje foardat de alvestêdetocht yn wedstriidferbân ferriden wurde soe. Pim Mulier, de ynspirator, stie as 43 jierrige oan de widze yn syn funksje as sekretaris fan de Nederlandse Bond voor Lichamelijke Opvoeding. Hy skreaun mei S. Hylkema, de foarsitter fan it Frysk Iisbûn, in alvestêdetocht út. Op 5 jannewaris 1909 koe it hewe, mar omdat lykwols sa hurd frear, koene de dielnimmers al op 2 jannewaris de redens ûnderbine. Mar koart foar de jierwikseling begong it te taaien. In protte dielnimmers lutsen harren werom. Der bleaune mar 22 riders oer dy’t perfoarst de tocht ride woene. Wy lêze dêroer: ,,….’t Was een gedenkwaardige morgen, toen 22 kerelen, niettegenstaande dooi en mist en gore duisternis, hun aanmelding honoreerden op de meest eervolle manier, door den man en de daad zelf. De klok van de beurs wees 5.20 aan …”. Trettjin oeren en 50 minuten letter kaam Melle Hoekstra (dy’t letter dûmny waard yn Skerpenseel) as earste oan en fertsjinne dêrmei in medalje en sulveren redens. Mar 9 riders hellen trouwens de einstreep. Dizze earste offisjele tocht waard rûnom in sukses neamd, mar dochs beslúte de Fryske Iisbûn de tocht net nochris út te skriuwen. It bûn wie prinsipieel tsjin kompetysje. Lykwols wie amper twa wike letter de no noch besteande Friesche Elfsteden-Vereeniging oprjochte, op 15 jannewaris 1909 om presys te wêzen. Dizze feriening wie fan doel om elke winter in tocht út te skriuwen, mar ja dan moast it wol frieze fansels en dat is fansels net alle winters raak. Mar wa wit de kommende???

Bezich baasje

Sa’t wy al witte wie Pim in ‘bezich baasje’, want njonken it fuotbal wie er ek sljocht op reedriden. Jimme ha dit de foarige kear al lêze kinnen. Mar it wie ek Pim dy’t oan de widze stie oan it wrâldkampioenskip yn 1893 fan de noch altyd ferneamde reedrider Jaap Eden. In pear jier dêrfoar wie Pim nammentlik op it idee kommen om in tal bûtenlânske reedriders út te noegjen foar wedstriden yn Fryslân. Hy hie der ek in reden foar. De Fryske reedriid top bestie doe út in trijetal minsken; Pieter Bruinsma, Benedictus Kingma en Renke van der Zee. It like der frijwat wat op dat dizze trije mannen de oerwinnings en it dêrby te ferpartsjen prizejild ferparten. Koart kriemd: der waarden yn it foar ôfspraken makke. Lykwols wiene der doe yn Fryslân allinnich mar koarte baan wedstriden, wilens Pim oantrúnde op langere ôfstannen. Doe die wol bliken dat ús Fryske riders gjin kondysje hiene. Dat wie ek gjin wûnder want der waard noait traint. Om dy reden noege Pim de Fryske riders regelmjittich út foar atletyk wedstriden yn Amsterdam of Haarlem. Mar meastentiids seach men de mannen dêr net. Immen dy’t wol altyd oanwêzich wie, wie de noch ûnbekende sportman Jaap Eden. Hy wie in goed hurddraver en yn de winter die bliken dat de man ek op redens as in hazze út de wei komme koe. Mar Jaap eden hie in grut learmaster, Klaas Pander. In man dy’t eins yn alle sporten útblonk.

Om de ynternasjonale útwikseling fan reedriders better organisearje te kinnen, wie Pim ien fan de grûnlizzers fan de ‘Internationale Schaats Unie (ISU)’. It wie ek dizze Unie dy’t de earste wrâldkampioenskippen organiseare. Op 12 en 13 jannewaris 1893 fûn dizze plak yn Amsterdam. Jaap Eden waard de alderearste wrâldkampioen. Sûnder de ynset fan Pim Mulier foar de ISU hie him dat noait slagge.

Jaap Edens triomftocht hat krapoan fjouwer jier duorre. Yn dit tiidrek waard hy trije kear wrâldkampioen op redens en twa kear wrâldkampioen mei hurdfytsen (sjoch foto’s). Oan dizze fiktoarje kaam ynienen in ein doe’t Jaap nei Frankryk ta gong en berops hurdfytser waard. Efterôf besjoen wie dat net in lokkige kar, eat wat Pim him al foarsein hie. Lykwols Pim hat Jaap nea ôffallen en oarsom barde dat ek net.

“Train gedosseerd, eerst op techniek, daarna op snelheid. Luister naar de signalen van het lichaam en drink zeer matig alcohol en het allebelangrijkste: durf te rusten!” wiene de wize wurden fan Pim Mulier. Lykwols wiene de measten dat net mei him iens, dy stiene mear in spartaanske oanpak foar. En de tiid hat Pim mear as gelyk jûn.

Hy hold him hjir sels ek oan. Fandêr miskien dat er mei gemak yn de strange winter fan 1890-1891 datjinge te dwaan wat syn pake en heit ek dien hiene, nammentlik lâns de 11 stêden te reedriden. Op 21 desimber 1890, de moarns om seis oere sette Pim yn Ljouwert útein. Mei in dikke wollen mûtse, in stik sûkelade, in horloazje, in pear bûsdoeken, in mes, in toutsje, riemen en ien reden op de rêch foar it brekken, sette hy útein. De jûns acht oere wie Pim wer op itselde plak dêr’t er ek starten wie. De tocht hie er yn 12 oeren en 55 minuten folbrocht: in echt rekord! Lang net alle tochten hellen de kranten, mar dy fan Pim wol. Yn’t foarste plak kaam er fansels út in ferneamd laach en boppedat hie er tige hurd riden. Pim syn kommentaar: “Zelden heb ik zo een prettige dag gehad!”

Dat rekord fan Pim wie net neat, want it duorre 22 jier ea Coen de Koning yn 1912 de tiid ferbettere. In jier letter ferbettere de Koning syn eigen tiid trouwens wer en sette it rekord op 9 oeren en 53 minúten. Pim wie wakker optein oer it hurdriden en it tochten riden, lykwols it keunstriden koe yn syn eagen gjin goed dwaan: “Dat zijn circusartiesten!” Pim hie wat mei wetter, want as it no beferzen wie as dat it gewoan wetter wie; it hie syn ynteresse. Sa ferhúze it echtpear Mulier yn 1895 nei Brussel en bleaun dêr in jier. Pim brûkte dy tiid om him te gean ferdjipjen oer fiskekwekerijen. Wat him al rillegau opfoel wie dat it tal fisken yn Nederlân werom rûn. De oarsaken wiene fersmoarging mar mei namme it oer befiskjen. Allinnich Pim wie wer ris in ‘roepende in de woestijn’, want der wie amper immen dy’t him dêr fierder drok oer makke. Nettsjinsteande de wjerstân skreaun er in boek wêryn hy beskreaun hoe goed it wêze soe om kwekerijen op te setten en hoe’t elke fisksoart yn lykwicht mei oare soarten útsetten wurde moast. Doe’t er it boek útjaan woe, wie datselde besef ek groeit by it Ryk en men bean Pim in hege amtlike funksje oan. It wie in tige goed oanbod, mar Pim woe him net yn ien ûnderwerp fêstlizze. Boppedat soe er him yn de amtlike hiërargy skikke moatte. It sil dúdlik wêze dat hy dêr neat foar fielde!

Fiif jier letter, yn 1900, brocht er syn boek by de printer op it út te jaan. It ministearje hie tasein mei de saak oan it wurk te gean, mar dat duorre Pim allegear fiersto lang. It wie trouwens mar goed dat Pim him net fêstlein hie op ien ûnderwerp, want op tal fan sport mêden soe men him noch noadich ha.

Ferskate sporten

Pim hold him mei ferskate sporten dwaande, wêrby mei namme syn rol yn de fuotballerij tige bekend wurden is. Mar hy hat him ek sadwaande holden mei it keatsen. Fansels koe hy dy sport út syn jonkheid yn Wytmarsum wol, mar ienris bûten Fryslân wie hy it wat út it each ferlern, lykwols net út it hert. Hy kaam dêr wer mei yn de kunde doe’ t hy yn Brussel wenne. Dêr wie ris in keatswedstriid wêr ek in stikmannich Friezen oan mei diene. Dizze Friezen wûnen tige maklik de earste priis, mar koene lykwols neat sizze by de priisútrikking, want de manlju koene gjin Frâns. Pim hie him doe opsmiten as tolk.

Ienris wer werom yn Hollân begong Pim, hoe koe’ t ek oars, him ek mei de keatserij te bemuoien en dan mei namme mei de Fryske keatsbûn. En dy bûn koe syn help goed brûke, want it gong permin mei ús âlde folkssport. Men hie it moeilik omdat de partijen yn hannen wiene fan de kroechbazen, dy’ t allinnich mar wedstriden útskreaunen as sy der brea yn seagen. Dat wie ek dé reden om yn Frjentsjer de permaninte Kommisje (de PC) op te rjochtsjen, want dan bleaun Frjentsjer fersekerd fan in keatspartij.

Lykwols spile de amateurkeatsbûn in beskieden rol yn it krêftfjild fan kafee hâlders. Om te helpen makke Pim it ûntwerp fan in kostbere wikselpriis: in sulveren bal, opsmûkt mei Fryske symboalen, dy’ t hy troch in edelsmid yn Den Haach meitsje liet. Dizze bal krige letter de namme mei fan Mulierprijs. De priis wie klear yn 1900 en der waard foar de earste kear yn Wytmarsum om keatst. It soe lykwols noch sân jier duorje foardat Pim sels kaam te sjen, want op dat momint wenne hy yn Medan op East Sumatra.

Foardat Pim nei Medan op East Sumatra ôfreizge, kocht er yn Parys earst noch in stel nije klean. Dat waard net in revolutionaire oankeap, want Pim hat him syn hiele libben ‘gedistingeerd’ klaait, dat wol sizze: in trijedielich pak mei horloazjekeatling en fanôf 1900 in lintsje. Ta beslút sette er dan op syn holle in Ingelske bolhoed. As hy bûten ta gong hie er trouwens altiid wat op syn holle. Wie er sportyf dwaande dan wie it in pet of mûtse, krekt wat de etikette foarskreaun.

It plak dêr’t Pim hinne gong waard it Wylde Westen fan Nederlânsk Indië neamt. It wie dêr allegear wat leech by de grûn troch frijfeinten mei in protte jild en in bytsje fertier. De grutste wurkjouwer wie de Deli Maatskippij, dy’t op grutte plantaazjes tabak ferboude It feit dat der safolle frijfeinten wiene hie alles te krijen mei in hurde en iensume wurk wat dien wurde moast. Deli naam om dy reden allinnich mar frijfeinten yn tsjinst.. It libben op de plantaazjes wie foar de koely’s hurd en ientoanich en foar de Europeeske kontroleurs ferfelend en iensum. Yn feite wie it allinnich mar draachlik omdat men dêr aardich wat jild fertsjinje koe. Pim waard gjin kontroleur mar haadredakteur fan it lytse ‘Deli Courant’ Hy krige de opdracht om in fan in lokale bledsje in deiblêd te meitsjen dy’t oeral op Sumatra ferskine soe.

En dat slagge in hiel ein. Lykwols soe Pim Pim net wêze en jou ek krityk op saken dy’t neffens him net goed gongen. Sa skreaun er oer residint Van der Steenstraten dat dizze de sultan fan Deli mar ris oanpakke moast, dy die mar wat en ien ding moast wol dúdlik wêze: de Nederlanders wiene de baas! Residint Van der Steenstraten, dy’t it leafst gjin beslúten naam en ferneamd wie om syn ‘pappen-en-nathoudenbeleid’, skeat dit fansels yn it ferkearde kielsgat. Hy gong op syn streken stean en de Deli Courant kaam ûnder sensuer te stean en yn’t ferfolch moast Pim earst syn artikelen lêze litte foardat se yn de krante kamen. Mar ja dat naam Pim net fansels en hy die dan ek syn beklach by de Gouverneur-Generaal Roosenboom. Dizze man wie, lykas Pim, in foarstanner fan in hurde oanpak en skroefde it beslút fan de residint wer werom. Pim wie út de skroeven, want njonken dizze oerwinning waard hy beneamd ta kommandant fan in frijwilligerskorps. Dizze frijwilligers moasten Sumatra beskermje as de Ingelsken it yn de holle helje soene en nim Sumatra yn. De Ingelsken hiene altyd al belangstelling foar Sumatra hân, mar de ferhâlding tusken Nederlân en Ingelân wie noch minder wurden trochdat Nederlân yn de Boere-oarloch yn Súd Afrika partij koazen hie foar de boeren ûnder lieding fan Paul Krúger. Opnij hie Pim wer wat tastân brocht wat syn âldfaars ek dien hiene. Syn heit wie ommers yn 1870 haad west fan in frijwilligerskorps en pake Pieter (‘Oranje Piet’) hie kommandant west fan in frijwilligerskorps op it eilân Wright doe’t stedhâlders Willem V oan it ein fan de achttjinde ieu nei Ingelân útpykt wie.

Yn de tuskentiid wie de Deli Courant in tige goed lêzen krante wurden, mar ja dat koe ek net oars mei sa’n sportive en trochtaastend haadredakteur.

Deli Courant

Yn Sumatra koe men hieltyd faker krityske lûden hearre oer de omstannichheden dêr Koely’s yn libben, mar de pommeranten lutsen har dêr neat fan oan. Ek Pim net wat dy skreaun yn syn krante dat Koely’s it wier net sa min hiene lykas iderien sei. As men in tal jierren goed trochwurkje soe dan hie men in reedlik kapitaal fertsjinne, mar ja dy koely’s wiene no ienris luie gokkers, lju dy’t men yn de gaten hâlde moast, want oars diene se neat.

Sa hastich as Pim nei Sumatra gongen wie, sa hastich gong er dêr ek wer wei. It nije wie der ôf en dus wie der gjin útdaging mear foar Pim. De ferneamde sjoernalist Kees van bruggen naam syn taak oer. Van Bruggen wie lykas Pim yn sân hasten út Nederlân flechte, want lykas Pim hie hy it ek oanlein mei in jongere frou, de kokette Carry Israëls de Haan, dy’t letter ferneamd wurde soe as de skriuwster Carry van Bruggen.

Pim waard in nije funksje oanbean, mar hy woe net wer in amtlike baan en sette him wer te wenjen yn Den Haach. By Schevingen liet hy in filla bouwe mei in tige grutte hal mei alderhande fitrine kasten mei útstallings. En fansels wie er wer te finen op de fuotbalfjilden, want dy hie men net yn Sumatra.

Werom út Sumatra

Lang om let wie Pim wer werom út Sumatra. Yn Scheveningen liet hy in grutte filla delsette, mei in opfallende gong. Yn dy gong stiene ferskate fitrinekasten mei in bûnte samling fan keunstige foarwerpen. No koe er ek wer nei syn grutte leafde fuotbal en dan yn it bysûnder nei HFC. Hy waard mei respekt ûntfongen, al seach men it frommeske oan syn side leaver gean as kommen. Yn de tuskentiid hie de fuotballerij in flecht naam, mar likegoed ek it almar rûger wurden fan it spul en it ôfnimmen fan dissipline en gesach. HFC hold lykwols noch hieltyd in goeie gewoante fan Pim yn eare, nammentlik om de tsjinstanners fan de trein op te heljen. Earst rinnende en letter kaam der sels in auto. Pim fûn dat HFC in foarbyld wêze moast en wie dan ek ree om dit finansjeel grau te stypjen.

Sels trape Pim ek noch tsjin in bal fan feteranen. Dêr koe er noch skitterje, mar seach ek dat de jonge spilers in folle bettere technyk hiene as hy eartiids. Mar ja, wat wol men ek. Der wie no in krêftige fuotbalbûn mei sa’n tsientûzen leden en dat tal naam hieltyd noch ta.

Eat dêr’t Pim him it measte oan stoarde wie wol in net sportive gedrach. Foarljochting, lieding en tucht moast der komme. En woe in spiler net omlyk? Dan mar foar de rest fan syn libben skorse. Pim fûn it dan ek om jo te fergriemen dat it fuotbalbûn in kommisje yn it libben rôp dêr’t spilers yn berop gean koene. Net te begripen!

Yn 1907 krige Pim in skitterjende kâns om eat fan syn idealen fan tucht te realisearjen. It minister Rappard him de ‘Nederlandsche Militaire Bond voor Lichamelijke Opvoeding’ te feroarjen yn in bûn fan militiaren en boargers. Soe soks slagje mei de stipe fan de oerheid?

Pim soarge der foar dat der genôch subsydzje fan it Ryk binnenkaam, al woe er sels trouwens gjin sint ha. Lykwols de dream spatte útelkoar doe bliken die dat de militairen it foar it sizzen holden en boargerleden eins neat yn te bringen hiene en krigen. Boppedat wiene it net mear skoaljonges dy’t inkeld mar tsjin him opseagen, mar troch de wol ferve ego’s. Lykwols bleaunen it Keatsbûn en it Fryske Iisbûn him trou.

Tusken de bedriuwen troch seach Pim noch in boekwurkje te skriuwen foar de keatserij: “Op nieuwe banen”. Yn dit boekje joech er keatsers oanwizings hoe’t men traine moast en hoe men froulju by it keatsen belûke koe.

Yn 1909 waarden der herinnering krúskes beskikber stelt en it Fryske Iisbûn seach dêr wol ljocht yn. Sa waard op 2 jannewaris 1909, wilens it al behoarlik taaiwaar wie, de earste Alvestêdetocht ferriden. Lykwols wie dat ek it jier dat ‘de Vereniging De Friesche Elfsteden’ oprjochte. Dit hie te krijen mei it feit dat in ferneamd advokaat, Hepkema, fanwege er te let him oanmelde, net meidwaan mocht oan dy earste tocht. Dit waard him meidielt op de stoepe fan iisbûnfoarsitter Hylkema troch de tsjinstfaam. Fanwege dizze fernedering, dêr’t trouwens ek in al jierrenlange rûzje tusken de beide famyljes in tige grutte rol yn spile, beslúte Hepkema om in aparte feriening op te rjochtsen.

Pim, dy’t hjir trouwens neat mei te krijen hie, wie ien fan 23 dielnimmers fan dy earste offisjele tocht. Hy soe dêrnei noch twa kear in alvestêdetocht ride, nammentlik yn 1912 en 1917. De lêste kear wie er 52 jier.

Fanwege syn fertsjinsten waard Pim lid fan it NOC (Nederlands Olympisch Comité) Yn de boeken is net safolle te finen as Pim ek yn dizze klup wakker aktyf west hat. Mar hawar hie hy al net genôch dien? It lidmaatskip fan it NOC wie trouwens syn lêste funksje as ferantwurdlik sportbestjoerder.

Pim’s bysûnderheid soe de lêste 36 jier fan syn libben net mear ôfmjitten wurde oan syn posysje en oan syn ynset foar sportorganisaasjes, mar oan syn gedrach, dat hieltyd minder as eksintryk besjoen waard, mar mear as eigenwiis en sels ynnommen. Mar dêr oer de folgende kear mear.